42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten

Der falt hiel wat te ûntdekken yn dizze natoergids foar bern mei 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens en twa talen:
it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân.

Oan de kust bart wat ûngewoans. Twa kear deis lûkt de see him werom en jout de seeboaiem frij. It wetter komt en giet. Eb en floed wurdt dat neamd.
De seeboaiem bestiet út sân en in hiel soad slyk, it saneamde waad. It griisbrune slyk is ûnfoarstelber ryk oan bisten en planten.In ûneinich soad moksels, wjirms, kreeften en algen libje op en yn ‘e boaiem. En yn ‘e slinken dy’t troch it Waad rinne, binne hielwat fisken te finen. Foar fûgels is de kust in rynsk klearmakke tafel.Se kinne der hearlik ite en fretten fine foar harren jongen.
De Waadsee is it grutste waadgebiet fan ‘e wrâld. In geweldich grut lâningsplak foar miljoenen hongerige trekfûgels, dy’t der útrêste kinne, en in prachtich plak foar briedfûgels. Hiel wat fûgels bouwe harren nêsten fuort oan ‘e râne fan it waad, benammen yn ‘e dunen op de eilannen en op de kwelders. De Waadsee is sa belangryk dat er as Nasjonaal Park strang beskerme wurdt en ta wrâlderfgoed ferklearre is.

 8.95

Beschikbaar via nabestelling

Wij bieden de volgende inpak thema's aan:

✅ Lokaal & online kopen
✅ Gratis profesioneel advies
✅ Voor 14:00 besteld vandaag op de post
✅ Meer dan 25000 titels
✅ Gratis inpakservice 🎁

Titel:42 Fûgels oan ús kusten 42 Vögels van uns Küsten
Serie Titel:Steffen Walentowitz
Auteur:Steffen Walentowitz
ISBN nummer:9789492176608
Bladzijdes:100
Uitgever:Stichting Algemiene Fryske Underrjocht Kommisje Afûk
Uitgave datum:2017-10-31